Mear fertochten moard Aldeboarn

08 jan 2005 - 15:28

De plysje hat noch twa fertochten oanhâlden fanwege mooglike belutsenheid by de dea fan in 40-jierrige ynwenner fan Aldeboarn. It giet om de dochter (17) en de soan (14) fan de broer (47) fan it slachtoffer. Ek hy is fertochte yn de saak en hat in bekentenis ôflein.

De Boarnster is woansdei troch in misdriuw om it libben brocht. It motyf leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)