Aksje om fee te rêden

© Omrop Fryslân
In boerinne yn Jorwert sleat harsels freed op yn in trekker. Se besocht de yn beslachname fan har 150 kij te kearen. Mei de trekker blokkearre se de tagong ta de stâl. Se drige harsels yn 'e brân te stekken.
De frou begûn de aksje doe't de ynspeksjetsjinst it fertutearze fee meinimme woe. Plysje en brânwacht praten de hiele dei mei de famylje fan de frou. Ein fan de middei joech se har aksje op.