Middenstip werom yn stadion

© Omrop Fryslân
De advokaten Hans en Wim Anker ha de middenstip fan it Abe Lenstrastadion kocht. De stip is as ludike aksje stellen troch de âldjiersploech fan De Gordyk.
De middenstip fan Sportklup Hearrenfean is feild by Studio Sport en de opbringst giet nei giro 555. Foar in bedrach fan 3500 euro gong er fan de hân. De bruorren Ankers joegen de middenstip freed wer werom oan klubfoarsitter Riemer van der Velde.