Fernielings Stiens oplost

© Omrop Fryslân
De plysje fan Stiens hat in grut tal fernielings oan auto's oplost. Der is in groepke fan seis jonges, fan 14 oant 16 jier oppakt. Yn de nacht fan 17 op 18 desimber ferline jier skansearren se 85 auto's yn Stiens. In nacht letter fernielden se nochris 30.
De fernielings soargen foar in protte ûnrêst yn it doarp. De skea rûn op oant sa'n 15.000 euro. Mear oanhâldings wurde net útsletten.