Van Booma ferliest rjochtsaak

07 jan 2005 - 17:22

Fuotbalferiening Foarút fan Menaam mei gewoan op rekreaasjepark Schatzenburg bliuwe. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert bepaald. Eigner van Booma fan Schatzenburg woe fan de oerienkomst ôf dy't it rekreaasjepark mei Foarút hie. De klub soe him net oan de oerienkomst hâlde. Dêr stiet yn dat Foarút it klubgebou ûnderhâlde moat.

Van Booma fynt dat it gebou der fertuteaze hinne leit. It gerjochtshôf hat him net gelyk jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)