Aksje smyt mear as miljoen op

07 jan 2005 - 14:49

De grutte aksjedei Fryslân foar Azië hat tongersdei mear as ien miljoen euro opsmiten. Om seis oere jûns bleau de teller stykjen op 1.169.116 euro. Nijpels wie moarns de earste dy't begûn te beljen. De hele dei wiene tsientallen frijwillige bellers yn tou. Under harren wiene Keamerleden en ferskate bekende Friezen.

De grutste skinker wie fersekeringsbedriuw Univé, dat trije ton foar giro 555 tasei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)