St. Nyk wol weeshûs bouwe

07 jan 2005 - 10:36

De bel-aksje yn it provinsjehûs is lang net de iennichste aksje foar Azië yn Fryslân. De Rotaryklub fan Sint Nyk is dwaande om in kontener fol medisinen nei Sri Lanka te stjoeren. De kontener giet freed fuort.

Fierder hat de Rotary besletten om op Sri Lanka in nij weeshûs op te setten, want dêr is ferlet fan. Der is al in arsjitekt dwaande mei in ûntwerp. Sadree't de begrutting rûn is giet de rotaryklub nei Sri Lanka ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)