Aksjedei foar Azië

06 jan 2005 - 17:42

Fryslân komt tongersdei massaal yn aksje foar Azië. Op it Provinsjehûs belje sechstich pommeranten, mar ek frijwilligers de hiele dei bedriuwen mei de fraach om in donaasje foar giro 555. Kommissaris Nijpels bellet moarns om njoggen oere it earste bedriuw.

Omrop Fryslân folget de Aziëdei op 'e foet op radio én televyzje. Der is ek in soad omtinken foar alle oare aksjes dy't rûnom yn Fryslân hâlden wurde foar de slachtoffers fan 'e floedgolf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)