Amelân yn aksje foar Azië

© Omrop Fryslân
Amelanners komme yn aksje foar Azië. Meiwurkers fan de stichting Help & Happiness fan it Amelân binne woansdei ôfset nei Sri Lanka. In massale ynsammelaksje op it eilân hat 40 ton oan guod opsmiten.
De stichting stipet al jierren in grut tal gesinnen op Sri Lanka. De fjouwer Amelanners geane twa wiken nei it rampgebiet om te helpen. De dochter fan ien fan de helpferlieners is ôfkomstich fan Sri Lanka.