Lenie 't Hart wol ûndersyk

Seehûn © ANP
Lenie 't Hart hat de Twadde Keamer frege om in ûnôfhinklik ûndersyk nei it tal seehûnen yn de Waadsee. Se hat dêrom frege omdat ûndersyksynstitút Imares sein hat dat der tefolle seehûnen yn de Waadsee binne. Imares fynt dat de kresj fan 't Hart om dy reden ophâlde moat mei de opfang fan seehûnen.
Neffens 't Hart nimt it tal seehûnen krekt ôf en brûkt Imares in ferkearde telmetoade. De berjochten fan Imares oer tefolle seehûnen kostje de kresj fan 't Hart donaasjes en jeften, sa hat se de Twadde Keamer witte litten.