Ketlik baalt fan hurde riders

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Ketlik hawwe skjin harren nocht fan te hurde riders yn 'e buorren. Op 'e Tsjerkeleane mei op syn heechst 30 kilometer yn 'e oere riden wurde, mar lang net elkenien hâldt him dêroan.
Ferkearsdrompels hawwe neat opsmiten en dêrom fynt Pleatslik Belang dat der wat oars barre moat. Ungelokken hawwe der yn it doarp noch net west, mar dat liket hast in kwestje fan tiid, neffens foarsitter Thijssen.