Fryslân foar Azië krijt foarm

05 jan 2005 - 18:17

Fryslân komt tongersdei massaal yn aksje foar Azië. Boargemasters, keamerleden, steateleden mar ek studinten sille tongersdei fanút de steateseal de hiele dei bedriuwen belje mei it fersyk om jild oer te meitsjen nei gironûmer 555.

Kommissaris Nijpels sil moarns it earste bedriuw belje. Sa'n sechtich bellers geane oanslutend de hele dei troch. Omrop Fryslân sil de aksjedei op 'e foet folgje op radio én tv.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)