Koek en Zopie by Arriva

© Omrop Fryslân
Busmaatskippij Arriva dielt fergees poeiermolke út oan reizgers dy't in nije busboekje keapje. Op 10 jannewaris giet de nije tsjinstregeling yn. Fanwege in legere bydrage fan 'e provinsje moat in grut tal ritten skrast wurde. Ek ride der minder belbussen.
By de busstasjons yn Drachten en op It Hearrenfean stiet in Koek- en Zopiekream. It nije busboekje is al fan 23 desimber ôf te keap.