Angelwedstriden oanmelde

05 jan 2005 - 11:16

Angelwedstriden moatte tenei oanmeld wurde by de sportfiskfederaasje yn Grou. Sûnder tastimming moat der in boete folgje, fynt de federaasje. Sûnt 1 jannewaris meie net samar oeral angelwedstriden hâlden wurde.

Ferplichte registraasje soe fiskers dy't in rotsoai achterlitte, makliker opspoare kinne. Ek is it 'ralley-angeljen' dan better oan te pakken. Dat is in yllegale wedstriid fan in kroech út organisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)