Oplichter aktyf yn Súd-Fryslân

© Omrop Fryslân
In 83-jierrige frou út Sint Nyk is tiisdei oplichten yn har eigen wente. In jongeman fan sawat 23 jier sei oan 'e doar dat er in magnetron foar de buorlju by him hie. Hy woe graach jild sjen. Dat soe se letter werom krije. Doe't har man thúskaam, naaide de oplichter samar ynienen út.
De dieder sloech eefkes letter ek ta op 'e Jouwer. Doe't it jild op tafel lein waard, pakte er it gau en rûn fuort.