Boargemasters mei dea bedrige

05 jan 2005 - 08:53

In 61-jierrige man hat ferline jier boargemaster De Jonge fan it Hearrenfean en boargemaster Kuiper fan Skarsterlân mei de dea bedrige. Ein novimber stjoerde de man in brief mei de deadsbedrigingen. De man komt út de gemeente Skarsterlân. Hy is oanhâlden en moat yn febrewaris foarkomme.

Neffens Kuiper hawwe de bedrigings te krijen mei de gearwurking tusken Hearrenfean en Skarsterlân. Sawol De Jonge as Kuiper hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)