Spits op proef by Cambuur

05 jan 2005 - 00:00

Cambuur krijt tongersdei in nije spits op proef. It is de 26-jierrige Marco Topmüller, in neef fan de bekende Klaus Topmüller. Marco hat spile by Eintracht Trier en Kaiserslautern. Op dit stuit is er topskoarder mei tolve doelpunten by SV Leiwen dat útkomt yn de Súd-Dútske Oberliga. Op de nijjiersresepsje fan Cambuur waard noch net dudlik of Jan Schulting as haadtrainer it seizoen ôfmakket. It beslút falt no freed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)