Tuorren Sjûkelân fluitsje

04 jan 2005 - 17:25

Omwenners fan de twa tuorren op it keatsfjild Sjûkelân yn Frjentsjer kleie oer lûdsoerlêst. As it hurd waait begjinne de tuorren te fluitsjen. It lûd komt fan de draaiende wynwizers en de roasters. De wynwizers binne al fan de tuorren helle. Der wurdt nei in oplossing socht.

It PC-bestjoer tinkt lykwols dat der neat dien wurde kin oan de jankende roasters. It lûd komt allinne foar by in hurde wyn út in bepaalde rjochting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)