'Tsjin reorganisaasje plysje'

© Omrop Fryslân
Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân fynt dat in nije wurkwize by de plysje net nedich is. De reorganisaasje soarget allinne mar foar ûnrêst.
De boargemaster fan Ljouwert, de plysje kommissaris en it iepenbier ministeary wurkje oan in reorganisaasjeplan. Kuiper fynt it spitich dat de Fryske boargemasters dêr net by belutsen binne. Neffens boargemaster Dales fan Ljouwert kinne de boargemasters aanst noch meiprate.