Plannen Súdlannen ûnwis

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat it earste bestimmingsplan foar 1900 wenten oan de súdkant fan Goutum sneuvelje sil. De Raad van State set grutte fraachtekens by de Miljeu Effect Rapportage, it saneamde MER-ûndersyk. Neffens de rie hat Ljouwert it ûndersyk net goed dien.
Yn totaal moat der op de 550 bunder 6500 wenten komme. Ynwenners fan Goutum hawwe dêr tsjin protestearre, om't de nije wenten tichtby it doarp komme. Ek giet der fûgeltsjelân ferlern.