Noch gjin tongblierkompensaasje

04 jan 2005 - 13:45

Boeren út it troch tongblier troffen gebiet by Anjum en Ie krije noch gjin jild fan de provinsje. De Europeeske kommisje stelt fragen oer hoe't it no krekt mei de finansjele stipe oan de troffen boeren sit. Neffens de regels mei bedriuwsskea net fergoede wurde.

Deputearre Bijman moast him moandei yn de steaten ferantwurdzje oer de ôfhanling fan de kompensaasje. Neffens de opposysje hie er de Steaten net folslein en te let ynformearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)