Sweeftrein te djoer, dan ophâlde

04 jan 2005 - 13:42

As it Suderseespoar net út kin, moat der in streep troch it projekt. Dat seit fraksjefoarsitter Van der Ham by de nijjiersresepsje fan it CDA-Fryslân.

Neffens Van der Ham moat der genôch draachflak wêze en de kosten yn de hân hâlden wurde. Ek moatte Twadde-Keamerleden gjin te flugge konklúzjes lûke nei it debakel mei de Betuwelijn. It Noarden moat in earlike kâns hawwe om it nut en de needsaak fan it spoar oan te toanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)