Biljerte foar slachtoffers ramp

© Omrop Fryslân
De fjouwer biljertklubs fan Wommels sammelje woansdei en tongersdei jild yn foar de slachtoffers fan de ramp yn Azië. Se organisearje yn kafee It Reade Hynder in biljertmaraton. In grut tal bekende Friezen docht mei.
It kolleezje fan Littenseradiel spilet de earste partij. De organisaasje tinkt 25.000 euro binnen te heljen. Yn Wommels wurdt ek in benefytkonsert en in lotterij hâlden om jild te sammeljen.