Wesseling yndie nei Cambuur

© Omrop Fryslân
Roy Wesseling wurdt mei yngong fan 1 juli dit jier de nije trainer fan fuotbalklub Cambuur. Nei spekulaasjes yn de media hat Wesseling dat moandei sels tajûn. Hy is no noch trainer fan Haarlem. Cambuur hie earder al belang- stelling foar de 40-jierrige coach.
Wesseling folget Dick de Boer op. Dy waard ein desimber ûntslein. Assistint- trainer Jan Schulting is yn byld om it rinnende seizoen as haadtrainer ôf te meitsjen by Cambuur.