Maratontitel foar Van der Veen

03 jan 2005 - 15:45

Bertjan van der Veen is snein yn Alkmaar Nederlânsk kampioen maraton reedriden wurden. It wie foar de Jouster al de tredde kear dat er it kampioenskip wûn. Van der Veen wie úteinlik de sterkste fan in kopgroep fan sân riders, mei dêryn mar leafst fjouwer Friezen. Baars waard twadde, Zwitser tredde.

By de froulju gie de titel nei Jenita Hulzebosch. Sy bleau yn in sprint har meifluchter Carien Kleibeuker foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)