Ruters sykje fermist kealtsje

03 jan 2005 - 15:40

In groep western-ruters hat snein de kwelders fan Skiermûntseach ôfsocht nei in fermist kealtsje. It bist is lykwols net fûn. It is net wis oft it kealtsje noch libbet. Neffens de eigner is der genôch fretten op de kwelders.

It kealtsje is sûnt begjin desimber fermist. Doe't de kij fongen waarden, naaiden it kealtsje en de memmeko út. De mem is yntusken wer fongen, nei in sykaksje mei in helikopter. It keal is berne op de kwelders fan east-Skier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)