Krekt gjin stunt fan Hofstra
Darter Rick Hofstra fan Snits wie snein op it ferneamde Frimley Green ticht by in stunt. Hy fersomme op it lêste momint lykwols om Tony West út te skeakeljen yn de earste ronde.
Hofstra krige by 2-1 mei trije pylken de kâns om de wedstriid út te smiten, mar slagge dêr net yn. West, as fjirde pleatst op it prestisjeuze toernoai, wûn úteinlik mei 3-2.