Halbertsmafilla Grou yn 'e brân

02 jan 2005 - 14:59

In foele brân hat âldjiersnacht it grutste part fan de âlde Halbertsma- filla yn it sintrum fan Grou fernield. De brân ûntstie goed twa oere en is nei alle gedachten oanstutsen.

Om de âlde filla út de 19de ieu wie de ôfrûne tiid in soad te dwaan. It karakteristike gebou stiet al jierren leech en is fan de wenningboustichting. Eardere plannen om it gebou te slopen binne opkeard. De gevel soe no stean bliuwe mei dêrachter nije aparteminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)