Roukoets yn De Folgeren

© Omrop Fryslân
Aldjiersploech de Frijsteat Folgeren fiert syn âldjiersstunt hast altyd út op it terrein fan hotel Vreewyk. Mar Vreewyk is yn desimber sloopt. De stunt hie dan ek as tema 'de útfeart fan Vreewyk', kompleet mei roukoets en rou-advertinsjes op buorden.
It Each fan Stiens, in keunstwurk fan Ids Willemsma dat yn novimber al fuorthelle wie, is nijjiersdei opdûkt yn Britsum. It stiet no oan de Menno van Coehoornwei, foar de skoalle oer.