Rêstige âldjiersnacht yn Fryslân

02 jan 2005 - 12:40

De âldjiersnacht is yn Fryslân oer it generaal rêstich ferrûn. De plysje hie it foaral drok mei meldings fan karbid- sjitten, brantsjes en fernielings. Brievebussen, jiskefetten, rioelkasten, krystferljochting en ferkearsgbuorden rekken troch fjoerwurk fernield.

By freugdefjoeren en oare grutte feesten, lykas yn it FEC, sporthallen en doarpshuzen wie gjin oerlêst. Op in âldjiersfeest op de draafbaan fan Wolvegea kamen sa'n tûzen minsken ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)