Mear âldjiersdrokte yn sikehuzen

01 jan 2005 - 17:45

De sikehuzen yn Fryslân hawwe it âldjiersnacht drokker hân as oare jierren. By MCL yn Ljouwert binne 10 fjoerwurkslachtoffers binnenbrocht. Twa minsken rekken slim ferwûne. Ien fan har is oerbrocht nei Grins.

Yn Snits melde it sikehûs twa fjoerwurkslachtoffers. Yn Hearrenfean wie it ek drokker as oare jierren. Yn de Tsjongerskâns gie it lykwols allinne om lichte ferwûnings. Ek Nij Smellinghe sprekt fan in ûnrêstige nacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)