Supporters net achter Schulting

© Omrop Fryslân
De supportersferiening fan Cambuur stiet efter it beslút fan it bestjoer om trener Dick de Boer dien te jaan. De supporters setten earder dit seizoen al fraachtekens by it funksjonearjen fan de folsleine trenersstêf. Wat de supporters oangiet wurdt Jan Schulting dan ek net de nije earste trener.
It bestjoer fan Cambuur sil begjin jannewaris mei De Boer oerlizze oer de ôfkeapsom. Foarsitter Adema sil ek mei assistint-trener Schulting oerlizze.