Ynsammelaksjes rinne goed

31 des 2004 - 13:37

De lanlike ynsammelaksje fan de stifting Lanka Lamai út Surhústerfean rint goed. Lanka Lamai sammelt fia de Wereldwinkels simmerklean, skuon en jild yn foar de bewenners fan Sri Lanka dy't dupearre binne troch de seebeving.

Freed al wurdt in earste seekontener mei guod nei it eilân ferfierd. Rederij Traxx út Rotterdam hat tasein it guod fergees te ferfieren. Minsken dy't meidwaan wolle oan de aksje, kinne simmerklean nei de Wereldwinkels bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)