Awa krijt oardel jier sel en tbs

© Omrop Fryslân
De 17-jierrige Awa út Ljouwert is tongersdeitemiddei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardield ta oardel jier sel en tbs. Dat wie ek de eask fan it Iepenbier Ministearje twa wike lyn. Awa stuts fan 't simmer oant twa kear ta syn freondinne yn de brân.
Dat die er om't it slachtoffer in fakânsjeleafde hân hie. De minderjierrige Awa is berjochte as folwoeksene, om't in minderjierrige maksimaal mar twa jier tbs krije kin.