Nijenhuis twad op 1000 meter

© Omrop Fryslân
Gerard van Velde hat tongersdei de Nederlânske sprinttitel ferovere. Hy profitearre fan de falpartijen fan Erben Wennemars op woansdei en Beorn Nijenhuis op tongersdei. Van Velde waard tredde op de 1000 meter.
Wennemars wûn de 1000 meter. Nijenhuis waard twad op dy ôfstân. Of Nijenhuis meidwaan kin oan it WK sprint yn Salt Lake City wurdt noch bepraat. Marianne Timmer waard kampioen by de froulju, foar de sande kear.