De Boer lulk op Cambuurbestjoer

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan sportklub Cambuur hat mei sin besocht om trener De Boer en de spilers tsjin inoar út te spyljen. Dat seit Dick de Boer yn in earste reaksje op it ûntslach, dat er tongersdei krige. Neffens De Boer wie it bestjoer yn persoanlike petearen mei de spilers tige negatyf oer it wurk fan De Boer.
It bestjoer soe dat dien ha om makliker fan De Boer ôf te kommen. De Boer, no wer thús yn Volendam, is dan ek tige lulk oer de gong fan saken.