Cambuur fierder sûnder De Boer

© Omrop Fryslân
Fuotbalclub Cambuur giet it nije jier yn sûnder trener Dick de Boer. De trener hat tongersdei dien krigen. Foar de winterstop wiene De Boer en Cambuur al oerien kommen dat se oan de ein fan it seizoen útinoar soene. Nei petearen mei spilers is besletten om De Boer fuortendaliks oan kant te setten.
Assistint-treneer Jan Schulting sil no foarearst it earste fan Cambuur trene. It bestjoer bliuwt der by dat se dit seizoen noch in perioade winne wolle.