Pont fan Langwar weromfûn

© Omrop Fryslân
De gemeente Skarsterlân hat de pont fan Langwar werom fûn. It skip lei yn Teroele. De pont waard yn de nacht fan woansdei op tongersdei meinaam troch ûnbekenden, nei alle gedachten foar in âldjiersstunt.
Fanwege it ferdwinen fan de pont moatte auto's tongersdei omride. Fytsers en fuotgongers wurde oerset mei in lytsere pont. De pont fan Langwar wurdt weromfearn en sil freed wer gewoan tsjinst dwaan.