Skaker Yge Visser no grutmaster

© Omrop Fryslân
Skaker Yge Visser fan Snits hat op de lêste dei fan it Harmonie skaaktoernoai yn Grins syn earste grutmaster- resultaat helle. Visser moast dêr 6 punten foar helje út 9 partijen. It lêste heale punt helle Visser tongers- dei yn in remise tsjin Gagunashvili.
Visser giet op dit stuit oan kop yn it toernoai, mar kin noch wol ynhelle wurde. Sipke Ernst út Damwâld wie ek al twa kear grutmaster mar spilet no in min toernoai.