Echtpear wer thús nei ramp

© Omrop Fryslân
Geert Klijnstra (53) en syn frou Renske (49) fan 'e Gordyk soene trije wike lang fakânsjehâlde op it strân fan Sri Lanka. Op earste Krystdei kamen se oan op it fakânsje-adres yn Matara, it meast súdlike punt fan it eilân. In dei letter ûntsnapte it echtpear oan de dea.
Op in stuit stie it wetter har letterlik oan de lippen ta, mar doe sakke it wer. Woansdei kamen it echt- pear wer feilich thús op 'e Gordyk.