Dochs swimme yn Eaststellingwerf

30 des 2004 - 13:04

Der kin fan it simmer dochs gewoan swommen wurde yn de swimbaden fan de gemeente Eaststellingwerf. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stelt no al de subsydzje foar 2005 beskikber oan de stifting Swimbaden Eaststellingwerf.

De gemeenterie hie ferline wike noch wegere om it bedrach fan 75.000 euro as in rinteleaze liening te jaan. Dêrtroch like de stifting yn finansjele problemen te kommen. It bestjoer tinkt noch mear jild nedich te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)