Nij gebou Friese Poort Snits

© Omrop Fryslân
ROC Friese Poort yn Snits bout in kompleet nije skoalle op it terrein fan it eardere asylsikerssintrum oan de Harste. De Friese Poort en de gemeente Snits ha dêroer oerienstimming berikt.
De hjoeddeistige Friese Poort-gebouwen oan it Perk en de Brédyk binne ferkocht oan in projektûntwikkelder en de gemeente Snits. De gemeente sil oan de Brédyk in multyfunksjonele skoalle realisearje, dêr't meardere skoallen foar spesjaal ûnderwiis plak krije.