Oanhâldings by fjoerwurkoerlêst

© Omrop Fryslân
Fjoerwurkoerlêst hat de plysje woansdei nochal wat drokte jûn. Yn Haskerhoarne waard troch in 14-jierrige jonge in brievebus fan in wenning opblaasd mei in selsmakke nitraatbom. De jonge is oanholden.
Yn Snits is mei fjoerwurk in foardoar fan in skoalle fernield. Ek op guon oare plakken is jeugd troch de plysje oppakt fanwege it ôfstekken fan fjoer- wurk. Sy waarden oanmeld by buro Halt. Dy jout de jongeren in wurkstraf.