Fjoertoer moat toeristen lûke

30 des 2004 - 10:58

De fjoertoer op It Amelân soe jierliks wolris sa'n 70.000 besikers lûke kinne. Dy ferwachting waard woansdei útsprutsen by de offisjele oerdracht fan de toer fan Rykswettersteat oan de gemeente It Amelân.

De fjoertoer is fan woansdei ôf net mear bemand. Kamera's sille de taken oernimme en de toer wurdt in toeristyske attraksje. De stifting Amelanner Museum krijt de toer yn behear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)