Ferbouwing De Kelders Ljouwert

© Omrop Fryslân
Trije monumintale bierkelders yn Ljouwert sille ferboud wurde ta hoarekagelegenheid. Yn de twadde wike fan jannewaris wurdt út ein set mei de restauraasje fan De Kelders. Earst wurde de daamwanden en fundearringspeallen oanlein.
Dêrnei start in argeologysk ûndersyk. As dit klear is, wurdt begûn mei de bou fan de kelderbak en wurdt de strjitte opnij ynrjochte. De ferbou moat yn july klear wêze.