Minder besikers Frysk Museum

30 des 2004 - 10:28

It tal besikers oan It Frysk Museum yn Ljouwert is dit jier mei 8000 weromrûn nei 50.000. Twa jier lyn kamen der noch goed 60.000 minsken. Dochs is it Frysk museum net ûntefreden om't it net út is op it lûken fan grutte mannichten besikers.

Doel fan it museum is it sjen litten fan keunst. Dit jier wiene der twa moderne keunsteksposysjes. Dy rinne faak wat minder. Kommend jier is der mear omtinken foar Fryske folkskeunst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)