Grutte tarin op fjoerwurkwinkels

30 des 2004 - 09:18

De offisjele ferkeap fan fjoerwurk is woansdei begûn. By de Welkoop yn Boalsert stienen moarns om 07.00 oere al 150 minsken foar de doar. De winkel is it iennichste ferkeappunt foar ynwenners fan Wûnseradiel, Boalsert en Littenseradiel.

Neffens de hannelers is der in grutte tarin op benammen sierfjoerwurk. Yn trochsneed besteget in klant 70 euro oan fjoerwurk. Neffens de plysje wurdt sjitten mei karbyd hieltyd populêrder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)