'Mearderheid tsjin plan EHS'

© Omrop Fryslân
Fryske boeren hoege net benaud te wêzen dat se aanst yn in natuerreservaat wurkje moatte om't Fryslân ûnder de ekologyske haadstruktuer, EHS, brocht wurdt. Dat seit Twadde-Keamerlid Joop Atsma (CDA).
Boeren dogge no noch frijwillich oan agrarysk natuerbehear. Se tinke dat dat aanst ferplichte wurdt. De EHS moat ferskate natuergebieten mei inoar ferbine. Atsma ferwachtet lykwols dat in mearderheid yn de Keamer tsjin is.