Oanridingen troch glêdens

© Omrop Fryslân
Troch glêdens wienen der tiisdeitenacht en woansdeitemoarn sa'n 20 oanridings op de Fryske diken. By in ûngemak op de N381, de dyk fan Appelskea nei Drinte, rekke in gesin út Smilde mei de auto fan de dyk. De ynsittenden moasten foar observaasje nei it sikehûs. By de oare oanridingen wie inkeld materiële skea.
Benammen lokale diken yn de hiele provinsje binne glêd. Yn de rin fan de moarn ferdwynt de glêdens, sa is de ferwachting.