Soad oanfragen ID-kaart

29 des 2004 - 12:04

Foar 1 jannewaris 2005 moat elkenien âlder as 14 jier in identiteitskaart ha. Dat smyt grutte drokte op by de gemeentehuzen dizze dagen. Op it lêste momint wolle minsken noch in ID-kaart ha. Want as jo jo net legitimearje kinne, folget in boete fan 50 euro.

De gemeente Ljouwert hat 10.000 jongeren fan 14 oant 17 jier oanskreaun om har te wizen op de nije wet. Ek in soad âlderen boppe de 75 jier freegje in ID-kaart oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)